Wapen Potmarge is alarmpistoal

25 jul 2013 - 14:50

It pistoal dat in 13-jierrich famke earder dizze wike fûn yn de Potmarge yn Ljouwert is in alarmpistoal. Dat hat de plysje tongersdei bekend makke. It famke fûn it pistoal op de boaiem fan de Potmarge, doe't se oan it swimmen wie. It wapen waard oerdroegen oan de plysje, dy hat der ûndersyk nei dien.

De konklúzje is no dat it om in alarmpistoal giet. Yn it wapen, dat lange tiid yn it wetter lein hat, siet ek noch in kûgeltsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)