Part garaazje Vd Meij fallyt

25 jul 2013 - 12:10

De behearsmaatskippij boppe autobedriuw Van der Meij yn Ferwert is fallyt. Dat hat de rjochtbank Noard Nederlân útsprutsen. Kurator Rotshuizen fan Ljouwert siket op dit stuit noch út wat de konsekwinsjes binne fan it fallisemint.

Under de behearsmaatskippij falt net allinnich de garaazje, mar ek de autolease en skeaherstel. Der wurkje ûngefear 25 minsken. Dy binne ynformearre troch de kurator. De garaazje sels is net fallyt en is ek gewoan iepen. Rotshuizen hopet letter dúdlik te krijen oft dat sa bliuwe kin.

Trefwurden: 
fallyt Ferwert Van der Meij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)