Skûtsjesilen begjint earder

25 jul 2013 - 11:26

It skûtsjesilen fan de SKS by Langwar set tongersdei tsien minuten earder útein. De start is bepaald op 14.00 oere. De kommisje ferwachtet dat der earder op de middei wat mear wyn wêze sil. De SKS-silerij hat de lêste dagen bot lêst fan te min wyn. Allinnich de earste wedstriid fan sneon by Grou koe útsyld wurde.

By De Feanhoop is de wedstriid skrast en woansdei by Terherne is de wedstriid healweis stillein, omdat de wyn hielendal fuortfoel.

Trefwurden: 
Langwar skûtsjesilen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)