Douwe Amels nei WK yn Moskou

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten is opnommen yn de seleksje foar it WK atletyk, fan 10 oant 18 augustus yn Moskou. Dat hat technysk direkteur Joop Alberda woansdei bekendmakke. Mei-inoar sitte der tolve atleten en twa estafetteteams yn de seleksje.
Douwe Amels waard koartlyn kampioen by it EK ûnder de 23, mei in sprong fan 2 meter 28. Dêrmei wie hy in besprekgefal, omdat de noarm 2 meter 29 is. Douwe Amels is tige optein oer syn seleksje. Hy soe op fakânsje nei Roemenië, mar seit dat graach ôf, as hy definityf nei it WK mei.