Sweltsjes Esonstêd meie bliuwe

Dit sweltsje mei yn Esonstêd bliuwe © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Landal Greenparks lit as behearder fan Esonstêd by Eastmahorn witte dat it net de bedoeling is om nêsten fan wytgatsweltsjes út it fakânsjepark te heljen. Tiisdei waarden noch 244 nêsten teld, wêrmei't it ien fan de grutste koloanjes wytgatsweltsjes fan it lân is.
In meiwurker fan it park sei doe tsjin Omrop Fryslân dat de nêsten binnen twa jier fuort moatte omdat der problemen ûntsteane mei it ûnderhâld fan de huzen. De fûgels briede dêr ûnder de dakrâne. Landal Greenparks lit no witte dat der besocht wurdt om in oare oplossing te finen.
Landal Greenparks docht dat yn oerlis mei de wurkgroep dy't de sweltsjes telt. It doel is om te sjen hoe't de sweltsjes dochs bliuwe kinne sûnder dat dit ta grutte ûnderhâldsproblemen liedt.