Mear boatsjes yn Noard-Fryslân
De foar miljoenen opknapte noardlike alvestêdefarrûte begjint sa njonkelytsen resultaat op te smiten. Undernimmers út it gebiet sjogge dat it tal boatsjeminsken flink tanimt, mar der binne ek krityske lûden.
Yn it trajekt tusken Wier en de finish fan de alvestêdetocht op de Bonke by Ljouwert binne 15 brêgen ferhege. Ek binne slûzen oanlein by Wier, Berltsum en Aldeleie. It trajekt is ek baggere en tagonklik foar boatsjes dy't 1 meter 30 djip stekke en 2 meter 40 heech binne.
De oanlis fan de alvestêdefarrûte hat goed 28 miljoen euro koste.
Trefwurden:
noardlike Alvestêderûte