Grutte drokte op kempings

24 jul 2013 - 13:57

It is drok op de Fryske kempings. En net allinnich op de kempings sels. De website fan kemping de Kuilart helle de ôfrûne dagen in rekôr tal besikers. Minsken boeke nammentlik hieltyd letter. Op de site kin de kampearder sjen wannear't der in plakje frij is en fuortendaliks boeke.

Op 'e natoerkempings fan Steatsboskbehear op Skylge is hielendal gjin plak mear. Boerekemping Fûgelfrij yn Hichtum docht it dit jier ek goed. Oant heal augustus binne alle 25 plakken beset.

Trefwurden: 
kemping kampearder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)