Krúspunt Drachten wer iepen

24 jul 2013 - 12:15

It drokste krúspunt fan Drachten giet woansdeitemiddei om fjouwer oere wer iepen foar it ferkear. It giet om de krusing fan de Gauke Boelensstrjitte mei de Suderhegewei en de Lauwers. De ôfrûne trije wike is der wurke oan it ûnderhâld fan de dyk en it pleatsen fan nije stopljochten. It trochgeande ferkear hat net folle lêst hân fan de wurksumheden, omdat de noard-súdrûte fan en nei de Wâldwei en de A7 iepen bleaune.

De gemeente hat der foar keazen om it wurk yn de simmerfakânsje te dwaan, sadat de oerlêst beheind bliuwe koe.

Trefwurden: 
Suderhegewei krúspunt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)