Sliepe yn it Wâldhúske

Yn museum It Wâldhúske yn Houtigehage kin men fan septimber ôf ek oernachtsje. Minsken kinne sliepe yn ien fan de trije bedsteden yn it Wâldhúske. It idee is ûntstien troch de rûnliedings dy't jûn wurde, dêrby waard wol gauris de fraach steld oft men ek yn it Wâldhúske sliepe koe. Ek fanút de hoeke fan keunstners is de fraach kommen oft men net ris in wike yn it húske ferbliuwe kin.
De plannen binne yn gearwurking mei Accolade en de gemeente útwurke.