Manlju fêst foar minskehannel

23 jul 2013 - 21:10

De plysje hat tiisdei fjouwer manlju oanholden op fertinking fan minskehannel. It giet ûnder oare om in 42-jierrige man út Boarnsterhim en in 50-jierrige man út Opsterlân. De fertrochten binne nei alle gedachten belutsen by it ronseljen fan in Roemeenske frou foar de prostitúsje.

De frou kaam yn maaie nei Nederlân om hjir oan it wurk te gean. Se wist net dat de manlju fan doel wiene har efter it raam te setten en wegere mei te wurkjen. In pear dagen letter is se werom gien nei Roemenië. De manlju ha dêrnei besocht opnij froulju te ronseljen.

Njonken it Fryske twatal wurde ek twa manlju út de finzenis yn Hoogeveen fertocht fan belutsenens by dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)