Pont Warten fart wer

23 jul 2013 - 18:12

De pont tusken Warten en Earnewâld fart wer. Sûnt sneon wie de pont út de feart troch motorproblemen. Tiisdei hat in monteur hast de hiele dei dwaande west mei it ynstallearjen fan in nije frekwinsjeregeler, wêrtroch't de motor it no wer docht.

De pont fart tusken 10.00 en 18.00 oere en set yn de simmer elke dei sa'n 200 minsken oer.

Trefwurden: 
Warten Earnewâld pont
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)