NK hynstesport nei Driezum

It NK-maraton foar de hynstesport wurdt takom jier hâlden yn Driezum-Wâlterswâld. It giet om it kampioenskip om de twadde en de tredde klasse. Dat is de subtop fan it ûnderdiel maraton yn de hynstesport. Dat hat it hynstesportbûn bekend makke.
Takom jier wurdt in wichtich jier foar de organisaasje fan de hynstedagen. It evenemint bestiet dan 25 jier. It NK wurdt net tagelyk hâlden mei de hynstedagen. Dy binne altyd ein july. It NK sil wêze plak yn it earste wykein fan septimber.
Oankommende freed wurdt wer de jierlikse maraton hâlden.