Miljoene-oarder foar Cenes

20 jan 2012 - 19:50

Skipbetimmeringbedriuw Cenes út Drachten hat de opdracht krigen om trije nije loadsskippen yn te rjochtsjen. De skippen fan 80 meter lang en 13 meter breed wurde boud by skipswerf Barkmeijer yn Strobos. Cenes mei se foarsjen fan ûnder oare hutten, koaien, in stjoerhut en in kommandosintrum. De wearde fan de opdracht is goed fjouwer miljoen euro.

Trefwurden: 
skip loads werf
(Advertinsje)
(Advertinsje)