Kâns op priis Terras-topper

23 jul 2013 - 15:10

Irolt Luinenburg fan De Walrus yn Ljouwert makket kâns op de titel 'Terras-topper van het Jaar'. It giet om in inisjatyf fan Horeca Entree, ien fan de fakblêden yn de hoareka. Luinenburg makket mei fjouwer oaren kâns op de titel. Hy wurdt troch syn wurkjouwer omskreaun as tige klantfreonlik, mar ek is er ree om syn kollega's te helpen. Neidat mysteryguests de fiif besocht hawwe, wurdt begjin septimber in top trije bekend makke. Trije wiken letter wurdt dúdlik wa't de titel krijt.

Trefwurden: 
Ljouwert terras Walrus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)