Fjirde fertochte yn Terpsaak

Opfang De Terp yn Ljouwert
Der is in fjirde fertochte oanhâlden yn ferbân mei de dea fan de 58-jierrige Anne de Boer yn De Terp yn Ljouwert. De fertochte is in 63-jierrige oare bewenner fan it opfanghûs. De man waard tiisdeitemoarn oppakt troch de plysje. Hy wurdt fertocht fan belutsenens by it misdriuw op 25 juny.
In oare 49-jierrige fertochte dy't earder oanhâlden waard, is wer frijlitten. Dochs beskôget de resjerzje him en de beide oare oanhâlden manlju noch altyd as fertochten.