Brêge Easterlittens defekt
De brêge fan Easterlittens wol net mear iepen. Dat is net handich foar de boatsjefarders dy't dêr del wolle . It doarp Easterlittens sels hat der ek in soad lêst fan. Simmerdeis komme der altyd in soad toeristen nei Easterlittens, mar dy litte it doarp no lizze. Wêrom't de brêge it net docht, is net dúdlik.