Pistoal út Potmarge helle

23 jul 2013 - 09:55

In famke fan 13 jier hat moandeitejûn yn it wetterke De Potmarge yn Ljouwert in pistoal fûn. It famke wie mei oare bern guod fan de boaiem oan it fiskjen, doe't se ynienen it pistoal boppe wetter helle. Der siet noch in kûgel yn it pistoal. It wapen is oerdroegen oan de plysje. Dy sil ûndersykje wêr't it weikomt.

Trefwurden: 
Potmarge pistoal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)