Fytser ferwûne yn Ljouwert
In 15-jierrige fytser is moandei oan 'e ein fan de middei ferwûne rekke by in oanriding op de Julianleane yn Ljouwert. De jonge waard by it oerstekplak op de krusing mei de Cornelis Trooststrjitte skept troch in auto. Omstanners joegen help oant de helptsjinsten it oernamen.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok plakfine koe.