Frjentsjer moat fan gif ôf

22 jul 2013 - 20:32

De gemeente Frjentsjerteradiel wol foar 2018 al ophâlde mei it brûken fan fergif om ûnkrûd dea te spuitsjen. Spuitsje mei Round Up is ferkeard foar minsken en bisten. De gemeente hat koartlyn it bijekonvenant ûndertekene, mar spuitet noch hieltyd mei it middel túch dea. Bijkers seagen dat koartlyn en kamen yn it gewear, want yn it konvenant seit de gemeente ta om ûnkrûd miljeufreonlik te bestriden. Dat kin troch it fuort te boarsteljen of mei stoom of fjoer te ferdylgjen.

Fierder wol de gemeente safolle mooglik blommen plantsje en sa min mooglik gers mei blommen meane.

Trefwurden: 
Frjentsjer ûnkrûd gif
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)