Swimmer ferdronken by Skylge

22 jul 2013 - 19:58

Yn de Noardsee by it strân fan Paal 8 op Skylge is in man fan 33 jier ferdronken. Hy wie mei syn freondinne oan it swimmen en bedarre yn in mui. Dat is in sterke seestreaming. Syn freondinne koe der útkomme en it strân berikke.

Der is fuort in grutte sykaksje op tou set mei rêdingsboaten en twa helikopters. De man is úteinlik troch de rêdingsboat Frans Hogewind út it wetter helle. Hy is in skoftlang reanimearre, mar dat hat net mear holpen.

Rêdingstsjinsten op it eilân ha it de hiele dei smoardrok hân. Ferskate swimmers kamen yn de problemen troch de sterke streaming yn de Noardsee

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)