Toptiid foar boatferhierders

22 jul 2013 - 19:46

Boatsjeferhierders hawwe topdronkte mei dit moaie waar. Der is foaral in soad fraach nei lytse iepen sloepkes foar deitochten, mar ek de ferhier fan iepen sylboaten, kajútjachten en motorboaten rint no goed. Der leit yn Fryslân lykwols noch genôch foar de leafhawwers dy't de kommende wiken wat hiere wolle.

Lytse iepen boatsjes binne dreech te besetten, neffens Abe Valkema fan it VVV Súdwest-Fryslân dy't foar sawat fjirtich bedriuwen de last-minute-boekings docht.

Trefwurden: 
boatferhierders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)