Blau-alch yn wenwyk Frjentsjer

22 jul 2013 - 18:44

Yn it wetter tusken de wenwiken Witzens en 't War yn Frjentsjer is moandei mooglik blau-alch fûn. De gemeente hat warskôgingsbuorden delset. Blau-alch ûntstiet as it wetter waarmer wurdt. Wa't yn wetter mei blau-alch swimt, kin siik fan wurde. Minsken kinne der ek jokte fan krije. De provinsje warskôget foar it swimmen by de Swanneblom yn Slappeterp en yn it dúnmarke by Hee op Skylge. Dêr is ek sprake fan blau-alch of swimmersjokte.

Yn it wetter fan de Put van Nederhorst op De Jouwer wie in fermoeden fan blau-alch, mar dat is net it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)