Smant makket trochstart

22 jul 2013 - 17:13

It bedriuw Smant fan De Jouwer makket in trochstart. De wurknimmers kinne bliuwe. It bedriuw yn houten flierren is yn 1917 oprjochte. It gie okkerdeis fallyt. De kurator hat no oerienstimming berikt mei ynvestearringsmaatskippij TurnNext fan Beetstersweach oer de trochstart.

Smant is begûn as sloopbedriuw. Se kochten âlde huzen en ferkochten it oerbleaune materiaal. Dêrnei kaam de ferkeap en it lizzen fan planken flierren derby. Letter waard dat it iennichste wat Smant die en groeide it bedriuw út nei fiif festigings yn it noarden.

De trochstart sil dien wurde út de festiging fan Grins wei.

Trefwurden: 
Smant
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)