Skylger bier giet de grins oer

22 jul 2013 - 16:59

Skylger bier komt fan takom jier ôf komt ek yn België op de merk. Dat seit betinker Jolle Dijkstra. It giet goed mei it nije biermerk. Dijkstra hie fan it Scelling Koarn foar dit jier 2500 liter makke, en dat is eins hast allegearre al fuort. Foar takom jier wol Dijkstra it tal liters bier útwreidzje nei 10.000 of 20.000 liter.

Skylger bier wurdt safolle mooglik op it eilân sels makke. Der binne trije farianten. Dêr komt takom jier as fjirde ek noch wytbier by.

Trefwurden: 
Skylger bier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)