Glêspaneel falt fan balkon

22 jul 2013 - 16:23

De glêsplaten oan de balkons fan in soarchwenkompleks oan de Gerrit Bleekerstrjitte yn Kollum wurde sa gau as mooglik ferfongen. It gebou fan wenningferhierder Thús Wonen is noch mar in jier âld, mar al trije kear ûnstienen der barsten yn it glês. Ferline wike foel in komplete glêsplaat nei ûnderen ta. De oarsaak fan it barsten en it loslitten fan de platen is foar Thús Wonen en boubedriuw VDM in riedsel.

Alle glêsplaten wurde de kommende tiid te ferfongen, earst troch houten platen.

Trefwurden: 
Kollum glêsplaten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)