Trein stiet healoere stil

Arriva bus © ANP XTRA
In trein fan Arriva hat moandeitemiddei in healoere stilstien by Drylts. De trein wie ûnderweis fan Snits nei Starum. Neffens Arriva wie der sprake fan in technyske steuring. De motoaren draaiden troch, sadat de airco net útfoel. De trein is werombrocht nei Snits, dêr't de passazjiers op de folgjende trein stappe koene.
By Schiedam kaam earder moandei in trein stil te stean. Dêr foel de airco wol út. Guon passazjiers yn 'e trein rekken troch de waarmte út de tiid en moasten behannele wurde troch ambulânsepersoniel.