Ynbraakfertochte yn Ljouwert

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert in 18-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan ynbrekkerij. De plysje seach dat twa manlju harren gedroegen op de Jan Jelles Hofleane. Doe't sy de plysje seagen, naaiden se hurd út. De fertochte waard úteinlik oanhalden op de Nynke van Hichtumwei. Hy siet dêr yn de boskjes. De oare man is net fûn.
De fertochte is meinaam nei it buro foar ûndersyk. Op de Jan Jelles Hofleane binne in tal wenten ûndersocht op spoaren fan ynbraak, mar dy waarden net fûn.