Maatregels tsjin waarmte

22 jul 2013 - 12:20

Fryslân nimt maatregels tsjin de waarmte. Der wurde temperatueren ferwachte fan boppe de 25 graden. Benammen âlderein krije it advys om safolle mooglik út de sinne te bliuwen en goed te drinken. Meiwurkers fan fersoargingshûs Nij Statelân yn Menaam diele iisko's en bûljon út.

De kassen nimme ek maatregels. By Empatec yn Menaam besykje se it personiel safolle mooglik bûten de kassen wurkje te litten en faker wetter drinke te litten. As it echt te waarm is, hâldt it personiel in oere earder op.

Trefwurden: 
kas waarmte Nij Statelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)