Heabroeikontroleurs ha it drok

22 jul 2013 - 12:07

Heabroeikontroleurs fan fersekerder Achmea hawwe it drok fanwege de waarmte fan oer de tritich graden. By goed fjouwerhûndert Fryske boeren wurdt dizze dagen metten oft de heabulten net te hjit wurde. Sa moat in heabrân lykas begjin july by in boer yn Tsjummearum foarkaam wurde.

Pyt Kingma fan Jellum is ien fan de fjouwer Fryske kontroleurs dy't hjoed op paad gie. Kingma gie fan 'e moarn nei boer Schulze yn Harns. Hy is hobbyboer en hat sawat trijehûndert heapakjes yn de skuorre te lizzen foar syn hynders.

Trefwurden: 
Achmea heabroei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)