Himpkwekerij mei 400 planten

22 jul 2013 - 11:21
Himp - Foto: ANP

Yn Ljouwert is snein in himpkwekerij ûntromme. De plysje hie in anonime tip krige dat der ynbrutsen wurde soe yn in wente oan de Kanaalstrjitte. Dêr oankaam trof de plysje gjinien oan. Wol die bliken dat yn it hûs in himpkwekerij wie.

Yn de wente stiene hast fjouwerhûndert himpplantsjes. Dy binne ferneatige. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)