Luchtbuksen yn beslach naam
De plysje hat fannacht yn Snits trije luchtbuksen yn beslach naam. Der wie in melding kaam dat der mooglik sketten waard op de Dryltserkade. Dêr oankaam trof de plysje in 27-jierrige Snitser oan. By him thús waarden trije buksen fûn. De man is oanhâlden. De plysje hat de saak yn behanneling.