Hurdriders Skylge op de bon

22 jul 2013 - 10:47

By kontrôles op Skylge binne de ôfrûne dagen ferskate bekeurings útdield foar te hurd riden. By West giene sân bestjoerders op 'e bon. De rapste hie op de Hoofdweg 98 kilometer op de teller te stean, wylst er dêr mar 60 mocht. By Formearum waard ek in hurdrider trapearre. Hy hie 75 kilometer op de teller te stean, wylst er dêr mar 50 mocht.

Fierders gie in brommerrider op 'e bon. Hy ried sûnder rydbewiis. De plysje warskôget dat de kommende wiken faker op hurdriden kontrolearre wurde sil op Skylge.

Trefwurden: 
Skylge hurdride West
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)