Deade bist yn polder is wolf

Wolf © EPA
It is seker dat it bist dat begjin july fûn waard yn de Noardeastpolder in wolf is. Dat lit Naturalis yn Leiden nei ûndersyk fan DNA fan it bist witte. Der wurdt noch ûndersocht wêr't de wolf weikomt. Der wurdt rekken mei hâlden dat it giet om in grap fan minsken dy't it bist bygelyks yn Dútslân oanriden hawwe en it yn de polder dellein hawwe.
It is neffens kenners in grutte ferrassing dat der in wolf sa tichtby Fryslân oantroffen is. De ferwachting wie dat dit pas oer in jier of tsien it gefal wêze soe.