Sike Westra stapt yn Parys ôf

21 jul 2013 - 21:06

Lieuwe Westra hat de 100e Tour de France net útriden. Yn de lêste etappe mei de einstreek op de Champs-Elysées sette er mei noch in lytse 40 kilometer te gean de fyts oan 'e kant. De Nederlânsk kampioen tiidriden koe it hege tempo yn Parys net mear byhâlde. Westra wie al heal oan de lêste etappe oer 133 kilometer begûn.

Foar Bauke Mollema út Ljouwert feroare der yn de lêste rit net folle. Hy bleau sechsde yn it algemien klassemint. Mollema is dêr bliid mei. Hy neamde syn sechsde plak realistysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)