Joost Wiersma 7e op WMC

Fanfare Joost Wiersma © Foto Omrop Fryslân: Dirk Baron
Fanfare Joost Wiersma út Jistrum is op it Wereldmuziekconcours yn Kerkrade 7e wurden. In fanfare út it Limboarchske Puth gie mei de earste priis nei hûs ta. De Jistrumers lieten de oare noardlike fanfares achter harren. Se hellen mear punten as bygelyks konkurrinten fan De Jouwer, Aldegea en Grins.
De sjuery wie bot te sprekken oer de muzikaliteit, de goede balâns en de moaie sound fan de fanfare út Jistrum. Fanfare Joost Wiersma bestiet 116 jier en komt út yn de earste divyzje. De leden binne yn trochsneed jonger as 30 jier.