Oerfal op bromfytssaak

20 jan 2012 - 17:18

In bromfytssaak oan de Skoaterlânskewei yn Nijhoarne is freedtemiddei krekt nei fjouwer oere oerfallen. De oerfaller bedrige eigner Gerlof Schaaf en woe jild sjen. De man is mei in lyts jildbedrach yn in swarte Mercedes útnaaid.

It giet om in man fan 20 oant 22 jier mei in mûtse op en in donker jack oan. De plysje is drok dwaande mei in sykaksje, mar hat de man noch net fûn. Om't de man mooglik in wapen by him hat, moatte tsjûgen net sels yngripe, mar 112 belje.

Schaaf kaam mei de skrik frij. Hy is in pear tientsjes kwyt, mar fierdere skea is der net.

Trefwurden: 
oerfal Nijhoarne bromfytssaak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)