Frysk rekôr Hilianne v.d. Wal

Hilianne van der Wal hat sneontejûn yn Winsum in nij Frysk rekôr ljept. Yn de tredde wedstriid fan de nasjonale kompetysje sprong de ynwenster fan Noardburgum 16,47 meter. Dat wie fjirtjin sintimeter fierder as it âlde rekôr fan Hiske Galama fan 23 juny, yn 2010 ljept yn Burgum. Achter Van der Wal waarden de Hollânske ljepsters Dymphie van Rooijen en Wendy Helmes twadde en tredde. By de senioaren gong de winst nei Bart Helmholt mei 20.76 foar Thewis Hobma (19.76) en Jaco de Groot (19.28). Sytse Bokma wûn by de junioaren mei 17.97.
Op 3 augustus is de fjirde en lêste wedstriid fan de nasjonale kompetysje yn Linschoten. Nei Winsum is Bart Helmholt de lieder by de senioaren. Erwin Timmerarends, twadde yn Winsum mei 17.40, is de bêste junior en Dymphie van Rooijen hat de lieding by de froulju. Van Rooijen is ek de hâldster fan it Nederlânsk rekôr mei 16.74.