'Kânsen foar Thialf'

© Omrop Fryslân
Thialf sjocht noch kânsen de kar fan de KNSB en NOC*NSF foar Icedôme yn Almere as nije topsportbaan te kearen. De iisbaan op It Hearrenfean kin yn berop gean tsjin de útspraak fan de rjochter of beswier meitsje tsjin de kar fan de sportbûnen foar Almere. Dat seit projektlieder Van Elsacker fan Nij Thialf.
De striid om de topsportstatus giet tusken Thialf, Almere en Zoetermeer. Sa't it no liket, giet de status oan Thialf foarby. Dochs giet Thialf troch mei de fernijbou. Nei alle gedachten wurde yn novimber de nammen fan de bouwers bekend.
De rjochter bepaalde freed dat binnen fiif dagen in beslút naam wurde moat oer de foarlopige gunning foar in topsportlokaasje. De sportbûnen KNSB en NOC*NSF gean net yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter. Neffens KNSB-foarsitter Doekle Terpstra moatte se no op basis fan it advysrapport foar Almere kieze.