Winst foar Van der Bos en dy

20 jul 2013 - 16:48

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe sneon it frijeformaasjekeatsen yn Makkum wûn. Se wiene yn de finale te sterk foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. De útslach wie 5-2 en 6-2. Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma pakten de tredde priis. Opfallend wie dat Gert-Anne van der Bos oer de hiele dei mear as tritich sitballen sloech. Hy waard kening fan de partij.

By de froulju gong de winst nei Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

Yn de finale fersloegen Wagenaar en dy it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra mei 5-3 en 6-6 ferslein. De tredde priis wie foar Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma.

Trefwurden: 
keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)