Grou wint earste SKS-wedstriid

20 jul 2013 - 15:51

Grou hat sneon op eigen wetter de earste dei fan it SKS-skûtsjesilen wûn. Douwe Visser en syn bemanning gie as fjirde om de earste tonne. Dêrnei skoden se op nei it twadde plak en kamen as earste binnen. Twadde waard it skûtsje fan Langwar en tredde De Lemmer.

Dêrnei finishten achterinoar Snits (4) , Ljouwert (5), Boalsert (6) en Drachten (7). De oaren binne op rige: 8. d' Heale Moanne, 9 Earnewâld, 10. It Hearrenfean, 11. De Jouwer, 12. Súdwesthoeke, 13. Wâldsein en 14. Huzum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)