Guozzen wurde teld

20 jul 2013 - 15:36

Yn hiel Fryslân wurde sneon guozzen teld. It giet om guozzen dy't hjir briede. It tellen is ûnderdiel fan in grutte lanlike aksje. Ferline jier is itselde dien, mar dat wie net lanlik dekkend. Ien fan de plakken dêr't no teld wurdt, is op en om de Snitsermar. Der wurdt foaral sjoen nei skiere guozzen en pauguozzen. Der is ea in soad dien om dy fûgels wer yn gruttere tallen briede te litten, mar dat is sa'n súkses wurden dat boeren lêst fan de guozzen hawwe. Se frette it lân keal.

Dêrom hawwe de provinsjes, natoerorganisaasjes en boeren ôfpraat dêr wat oan te dwaan. Mar dan moat wol dúdlik wêze om hoefolle guozzen oft it giet.

Trefwurden: 
guozzen goes
(Advertinsje)
(Advertinsje)