Wylde keatspartij achterdyk

By Marrum achterdyk wurde sneon foar it twadde jier achterinoar keatswedstriden hâlden. Op de pôlen fan it Noarderleech binne perken útset en stean cateringtinten. De Noarderleechpartij is in wylde keatspartij foar manlju en froulju. 43 partoeren hawwe harren ynskreaun. Dêr sitte allerhanne nivo's by.
By de Noarderleechpartij bestiet de mooglikheid om mei fjouwer dielnimmers yn te skriuwen en dan ien persoan yn de wedstriid te ruiljen. De haadpriis is in brûnzen stikel. Takom jier is de wedstriid wer.
By de manlju gong de winst nei Erwin Zijlstra, Bart Reijenga en Laas-Pieter van Straten. By de froulju wiene Anne Monfils, Sandra Hofstra en Louise Krol de bêste.