Pleit wetterskyen Burgumermar

20 jul 2013 - 12:50

Wetterskyen op de Burgumermar moat wer tastien wurde. Dat soe jongeren ynteressearje kinne foar de wettersport en de toeristyske sektor rêde kinne. Dat fine heit en soan Eybergen, de eksploitanten fan de kemping oan de mar. De Fryske kempings hawwe oant no ta in striemin seizoen. Mei it moaie waar soe de kemping fol sitte moatte, mar yn werklikheid is de besetting mar 50 persint. Neffens de kempingeksploitanten rint de belangstelling foar syllessen ek bot tebek. Foar wetterskyen soe wol ynteresse wêze.

De provinsje ferbea dy aktiviteit tsien jier lyn, mei it each op de feilichheid en de gefolgen foar de natuer. Yn earste ynstânsje draaide de rjochter dat werom, mar dernei waard it ferbod dochs definityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)