Pont Warten-Earnewâld stikken

20 jul 2013 - 12:40

De pont tusken Warten en Earnewâld hat maleur. Der moatte nije ûnderdielen foar de motor komme dy't pas tiisdei levere wurde kinne. Oant en mei tiisdei fart De Oerhaal dêrom net. Menno Bouwmeester, foarsitter fan it pontbestjoer, wiist fytsers derop dat se in alternative rûte nimme moatte om by it skûtsjesilen op De Feanhoop en Earnewâld te kommen.

De pont sette dit seizoen al in lyts fiiftûzen minsken oer. Benammen yn de simmermoannen is it drok, mei mear as twahûndert oersettings alle dagen. It bestjoer siket in reservepont.

Trefwurden: 
Warten pont
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)