Stappers op 'e Lemmer oppakt

20 jul 2013 - 12:07

Twa manlju binne freedtejûn op 'e Lemmer oanhâlden. Se soene twa portiers fan in kafee oan de Koartestreek bedrige en mishannele hawwe. De fertochten wiene dêrnei útnaaid. De portiers warskôgen de plysje. Dy seach de manlju yn de omjouwing en koe harren doe oanhâlde.

De fertochten binne ynsletten op it buro. De plysje ûndersiket de saak. De fertochten binne in 22-jierrige Ljouwerter en in 25-jierrige Lemster.

Trefwurden: 
De Lemmer bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)