Plysje tsjin de holle slein

20 jul 2013 - 11:19

In 40-jierrige man út Snits is freedtenacht oanhâlden nei't er in plysje tsjin 'e holle slein hie. De man woe oanjefte dwaan by it buro oan de Stasjonswei yn Grou, mar waard freonlik fersocht fuort te gean om't er tefolle dronken hie. Hy waard doe lilk en joech in plysjeman in klap. Dêrnei is de Snitser fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
plysje klap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)