Brânwacht oan ferkearde adres

20 jul 2013 - 11:08
Brânwacht - Foto: Remon Koene

De brânwachtkorpsen fan Appelskea en Easterwâlde wiene freedtejûn by it ferkearde adres yn Appelskea. Der wie in melding binnenkaam fan in wenningbrân oan de Wester Es 5. By oankomst die bliken dat it om in leechsteande pleats op nûmer 50 gie. De brân wie al út doe't de brânwacht kaam.

De leechsteande pleats wurdt no tichtspikere. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brânwacht Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)