SKS pleitet foar minder regels

20 jul 2013 - 08:13

Bestjoerders en amtners fan gemeenten en provinsje soene ris goed sjen moatte nei de regeljouwing op it wetter. Dy is fierste burokratysk en stiet fier fan de realiteit. Dat sei foarsitter Peter de Jonge fan de SKS freed by de iepening fan it SKS skûtsjesilen yn Grou.

Neffens him wurdt it de wedstriidkommisjes fan de SKS hieltyd dreger makke om de wedstriden te organisearjen, troch alle regels. Hy neamde yn syn taspraak dat it skûtsjesilen foar in grutte promoasje fan Fryslân soarget, sûnder ien sint subsydsje fan de oerheid.

Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim hold foar de lêste kear in taspraak by de iepening fan it SKS-skûtsjesilen. Takom jier falt Grou ûnder Ljouwert en bestiet de gemeente Boarnsterhim net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)