Helmholt wint, Brandsma nij pr

19 jul 2013 - 23:34

Bart Helmholt hat freedtejûn mei in ôfstân fan 20.48 meter de fierljepwedstriid fan Winsum wûn. Nard Brandsma waard mei 20.26 twadde. Foar de fierljepper fan It Heidenskip wie dat in trochbraak: foar it earst oer de tweintich meter. Oane Galama kaam ek út op 20.26, mar syn searje wie minder. By de froulju wie Hilianne van der Wal de bêste mei 14.48. Age Hulder wie de bêste by de junioaren mei in ôfstân fan 18.44. Bobby Zwaagman wie de winner by de jonges mei 17.68.

Sneontejûn wurdt der wer ljept yn Winsum. Dan is it de tredde wedstriid fan de nasjonale kompetysje tusken de ljeppers fan Hollân en Fryslân.

Trefwurden: 
fierljeppen Winsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)