Skylgers 'baggerje' Schuitegat

De sânbank yn it eartiidse Schuitegat by Skylge kin net samar fuortbaggere wurde. Dat kin negatyf útwurkje foar it eilân en foar oare slinken. Dat seit Rykswettersteat yn in reaksje op in ludike aksje fan in groepke Skylgers. Dy hawwe symboalysk in slink groeven op de sânbank. De slink nei de haven ta is 15 jier ferlyn tichtslike en no moatte de boaten, ek dy fan Doeksen, in heal oere omfarre. Doeksen docht der no twa oeren oer.
As it Schuitegat iepengiet, is minder diseloalje nedich en kin de priis fan it boatkaartsje nei ûnderen.
De gemeente stipet de aksje fan de eilanners en wol ek graach dat de sânbank fuortbaggere wurdt, mar begrypt wol dat it no noch net kin.